Inloggen
CBS Van Haersma Buma

Nieuws

Tongersdeitemiddei 9 febrewaris ha de bern fan groep 3 oant en mei 8 in Alvestêdetocht riden. It waar wurke geweldich mei, it sintsje kaam der noch by en we ha in protte wille hân.
Alle bern ha de finish helle!
De bern kamen fan alles tsjin ûnderweis. Se moasten ûnder in brêge troch, se moasten tol betelje, in eintsje mei de prikslide glydzje, hurdride en noch folle mear. Gelokkich wie der ûnderweis in stik koeke te fertsjinjen en oan it ein stie de waarme poeiermolke klear.
In smakelike ferrassing waard fersoarge troch de heit en mem fan Iris Sanne út groep 3. Foar alle bern wie der oan it ein fan de middei in bakje patat!
Wy betankje alle heiten, memmen, pakes, beppes en oaren dy't holpen ha mei oanmoedigjen, redens ûnder bine, spultjes en wat net mear.
Iisklup, bedankt foar it waarm meitsjen fan safolle liter poeiermolke en de moaie banen.
Familie De Jong foar de lekkere patat.
Wy hienen dit net organisearje kinnen sûnder jim help. Bedankt allegearre!

Alvestêdetocht 2012 003.jpg

 

Alvestêdetocht 2012 022.jpg

 

 

lees verder

 

Adresgegevens

CBS Van Haersma Buma
De Hoep 45
8622 XM De Hommerts

Tel. 0515 442900
Fax. 0515 443507
schoolleider@vanhaersmabumaschool.nl

Schoolleider: S. Rijpkema

overtuigend-basis-onderwijs